Wie ben je:

Myn namme is Soerd Leistra.

Ik wenje yn De Deelen, mei frou bern en bernsbern en haw it de lêste moannen drok hawn mei lesjaan.

Welk instrument bespeel je:

Ik spylje sûnt 2 jier wer op in cornet,en om op Rinze syn fraach yn te gean, ik kaam dêrta trochdat ik in konsert fan Apollo yn Grou bywenne haw en Sonja tsjin my sei:”Hast dêr gjin spyt fan dast hjertiids mei spyljen ophâlden bist?”

By v/d Glas haw ik toen in learinstrument helle om te probearjen der wat lûd út te krijen.

Op’t lêst slagge dat in bytsje,mar om dêr allinne mei troch te gean falt net mei en sadwaande bin ik doe lid wurden fan de Bazuin yn de Tynje,mei in B korps, werfan  de measten de jeugdjierren ek al wat ontgroeid wiene.

Hoe lang ben je al lid:

Noch net sa lang,dus ik bin noch mar in pear kear op jimme repetysjes west, mar it hat my goed foldien.It is in gesellige ploech, dy’t untspannen mei elkoar en mei de muzyk omgiet.

Wat vind je leuk aan samen muziek maken:

Sjoen it foargeande is de history dêrfan net sa grut.

Welke muziek heeft je voorkeur:

Ik hâld fan klassyke muzyk, mar net te dreech en ek fan de ferskes fan bygelyks Ramses Shaffy,Herman van Veen,oer’t algemien ferskes mei moaie tekst en melody.

 

Wat is je mooiste optreden:

We hawwe mei it B korps twa kear in útfiering hawn yn de Tynje under lieding fan Rinze en dat is goed slagge.

Heb je nog tips of ideeën voor Crescendo:

Ik bin noch te koart by Crescendo om dêr in andwurd op te jaan. Ik fyn it wol jammer, dat we troch corona net mear spylje kinne en hoopje dat elkenien dizze tiid wat sûn troch komt.

Misskien kinne wy wer wat hjerder spylje mei bekerkapkes foar ús instrumenten, hoewol ’t de gruttere maten min te kryen binne.

Wie mogen we de volgende keer interviewen

De folgjende yn de riige,is foar my noch moeilijk, om’t ik noch net safolle minsken bij namme kin, mar misskien wol Luts wol in stikje skriuwe.

  • Facebook Social Icon
  • YouTube

©2019 door Crescendo De Knipe. Met trots gemaakt met Wix.com